In tapassing fan OpAmps

In operasjonele fersterker (OpAmp) is in fersterker mei twa yngongen, wźrby't de śtgongsspanning evenredich is mei it ferskil fan de spannings op 'e yngongen.

Rjochts it ferienfāldige skema. As de "+" yngong positiver wurdt, lūkt Ts1 mear stream, de beide emitters wurde positiver en dźrtroch lūkt Ts2 minder stream en de śtgong "UT" wurdt positiver.
Wurdt de "-" yngong positiver, dan lūkt Ts2 mear stream en de śtgong wurdt negativer.

Yn it skema hjir ūnder is it trijehoekje de OpAmp, mei links de yngongen (+ en -) en rjochts de śtgong. De oanslutings fan 'e fiedingsspanning (+10V en 0V) binne net tekene.

In eksponinsjele funksjegenerator.

It doel is om in elektryske stream te generearjen dy't eksponinsjeel mei de tiid tanimt. Dat is berikt troch it tafoegjen fan trije wjerstannen (R1, R2 en R3) en in kondinsator (C) oan de OpAmp.

Om't de śtgong fan 'e skeakeling fia R3 oan'e yngong "-" fan 'e OpAmp leit, besiket de skeakeling de spanning tusken de yngongen + en - op nul te krijen. Troch de grutte fersterking fan de OpAmp (> 10 000 x) kin dy spanning dźrom gelyk oan nul ūndersteld wurde.

Fierders śtgeande fan de ūnderstelling dat de yngongsstreamen fan de OpAmp nul binne, kinne foar it skema no de folgjende ferlikings opsteld wurde:

u2 = i2 R2

i1 = u2/R3 = i2R2/R3

u1' = i1/C dt en dźrśt u1 = mi1/C dt = R2/(R3C) mi2 dt.

Ek is u1 = R1 i2 en dźrom R1 i2 = R2/(R3 C) mi2 dt.

Differinsjearre: R1 i2' = R2/(R3 C) i2 of : i2' = R2/(R1 R3 C) i2.

Stel: i2 = A e*t, dan is i2' = A *e*t en dus *= R2/(R1 R3 C).

Folget: i2 = A e R2/(R1 R3 C) t

Fierder is: i3 = i2 + i1 = (1 + R2/R3) i2 = (1 + R2/R3) A e R2/(R1.R3.C) t

Of :
i3 = B . e R2/(R1.R3.C) t

Hjiryn is B de stream i3 by t = 0, beskaat troch de by starten yn C oanbrochte lading.

Mei R1=R2=R3 = 4,7 kS en C = 10 nF ferdūbelt i3 him yn 37 µS, wźrby't mei de doe tapaste OpAmp de funskje oer twa dekaden binnen 1% krekt eksponinsjeel bliuwt. Troch tapassen fan FET-yngongen en heger maksimum śtgongsstream kin dat gebiet grif wol ta 6 dekaden śtwreide wurde.
___________________________________ Home
P. Kramer, oktroai 1968.

Hjoeddedei soe men faaks earder oan in kompjūter-bestjoerde streamboarne tinke.
En oan guon net-technyske lźzers, dy 't har fernuverje oer sa'n "śtfining": it earste begjin komt śt wat dizenige dreamerijen, de saneamde ynspiraasje, dy't dan earst yn 'e praktyk śtprebearre en behoffene wurde moatte, foar't se goed wurkje. Dźr wurdt men sels as "śtfiner"ek tige beskieden fan. Al dy moaie formules wurde der earst letter bysleept om it gehiel te ferklearjen, al hat it gefoel derfoar fansels al yn dy ynspiraasje sitten. PK