HOE STIET MEI IT NSW?

Foarbyldside Hoe makkest in wurdboek? Werom nei: Frysk.htm  


Nei it ferskinen fan diel 1 (A-E) fan it Nij Sealter Wurdboek en de bewurking fan de Sealter lânnamme-samling Lound un Noomen koe earst yn 1994 fierdergien wurde mei diel 2.

Dęr die him it probleem foar, dat in grut part fan de lűdopnamen allinne foar de letters A-E ekserpearre (truchflüüsed) wiene. Dat soe dan op 'e nij barre moatte foar de folgjende letters. Op dat stuit is besletten om alle opnamen folslein te transkribearjen. Op dy wize kin mei de kompjűter (EDV) alles folslein trochsocht wurde, wat ek de műglikheid jout om yn earste ynstânsje űnopfallende saken mei te nimmen.

It ôfskriuwen wie tige bewurklik, mar nei fiif jier binne dan dochs 105 kassettes fan meastentiids ien oere spyldoer klear kommen, wat resultearret yn likefolle tekstbestannen fan meiinoar sa'n 5 Megabyte. Troch oernimmen fan earder al op papier makke trânskripsjes sil dęr noch likernôch 2 Mb by komme.
Boppedat is der gâns printe materiaal, dęr 't nei 1992 noch gâns nije teksten by kommen binne, mar ek noch inkelde út it begjin fan 'e njoggentjinde ieu. Dat materiaal, meiinoar sa'n 3 Mb, is ek foar it grutste part ynbrocht.

Foar de ferwurking fan al dit materiaal sil gebrűk makke wurde fan it programma Concordancer for Windows fan de Technyske Hegeskoalle fan Darmstadt. Dat programma hat it grutte foardiel dat it 200 boarnebestannen ferwurkje kin. De beheining fan maks. 16000 rigels wurdt rekken mei holden troch mar hiele lytse stikjes fan it alfabet (b.g. fa en ) tagelyk te behanneljen. In tekoart is, dat gjin sidenűmers fan de boarnetekst meinommen wurde kinne.

Mei dizze technyske stipe en it foar allerhande krúsferbannen noch wichtige âlde kaartsysteem hoopje ik it folsleine wurk dochs noch binnen de stelde termyn (2007) te folbringen. Dęrby kin net foarbygien wurde oan de wurdearre help út Sealterlân, dy 't altyd ree stiet om fragen te beander?jen en noch gâns nij wurdmateriaal levert.

Ik soe der noch op wize wolle, dat it hjir giet om in beskriuwend wurdboek, dat alle har foardwaande foarmen fan in wurd jout en ek gelegenheidsfoarmings. Boppedat wurde kaders jűn mei folkskundige beskriuwings. As hânwurdboek is it dęrom minder geskikt. Foar dat doel ferwiis ik nei prof. Fort syn Saterfriesisches Wörterbuch (Helmut Buske Verlag, Hamburg 1980).

P. Kramer, 18-3-1999.

17-6-2003: Letter G fan it wurdboek is klear en kin alfęst ophelle wurde op C:\D_A_T_A\Public_html\110mb\nsw.htm