Oer de kontinu ´teit fan it Frysk


In moai liet hat it oer "langer al as tweintich ieuwen" dat it Fryske folk bestien hawwe soe. Dat berŕst op de fermelding fan Frisii troch de Romeinen yn it begjin fan ˙s jiertelling. Ut brÔnlagen yn 'e terpen naam de archeolooch P.C.J.A. Boeles (Friesland tot de elfde eeuw, Den Haag 1 1927, 2 1951) lykwols oan dat der as gefolch fan de Angelsaksyske ynvaazjes yn 'e 5te ieu in hiele nije Anglo-fryske kultuer űntstien is (II, 207-258). Dat waard fűl bestriden, mar de lŕste tiid wurdt der dochs wer oan tocht. (Nieuwsselectie: Cultureel Supplement). Sjoch ek: Danny Gerrets, "The Anglo-Frisian relationship seen from an archaeological point of view" yn: V.F. Faltings e.a., ed. Friesische Studien II, Nowele supplement vol. 12, Odense (1995).

In teory fan bewenningsűnderbrekking wurdt stipe troch it feit dat der yn FryslÔn wol foargermaanske wetternammen (b.g. Rien, Flie Sch÷nfeld, Ned. waternamen 63ff..) foarkomme, mar oars as yn Drinte hast gjin foargermaanske plaknammen. It bewarjen fan de folksnamme Friezen is net sa frjemd: de Ôlde Britten en Prusen binne allang ferdwűn, mar dochs brűke wy dy folksnammen noch gauris.

It űntbrekken fan it foarheaksel ge- yn it ˘fslutend mulwurd (part. pt.) is gjin d˙dlik teken fan Anglo-Fryske taalmienskip, om't yn it Aldfrysk gauris e- foarkomt en yn it Angelsaksysk ge-.
It is ek nuodlik om de fersprieding fan wurden as teken fan stamferdieling te brűken: ing. horse hat neat te krijen mei frysk hynder, mar wol mei ndl. ros, wylst paard/Pferd űntliend is ˙t middellatynsk paraverŕdus. Ingelsk back is űntstien ˙t Aldingelsk bŠc, dat yn de betsjutting 'rŕch' lykwols neffens it tal gearstallings fier oertroffen waard troch hrycg. Ingelsk corner < Lat. cornű en hat dus neat te krijen mei horn. Wol kaam Aldingelsk. hyrn foar (Frysk herne), mar dŕrneist ek h˘c.

De taal kin fierders ek gjin kontinu´teit bewize: de nammekundige Maurits Gysseling hat fŕststeld dat Fryske ferskynsels yn plak- en persoansnammen (b.g. ans > os yn goes, Oegstgeest) earst yn 'e achtste ieu optrede en dat it Frysk him dus doe earst ta in aparte taal űntwikkele hat (Fryske st˙dzjes oanbean oan Prof. Dr. J.H. Brouwer, Assen 1960: 77-80). Nammers ek de oare Westgermaanske talen hawwe earst om dy tiid har aparte marktekens krige. Sa skaatte it Heechd˙tsk him ˘f troch de twadde lűdferskowing (b.g. Schip > Schiff) sűnt de ein fan 'e sechste ieu (Naumann/ Betz, Althochdeutsches Elementarbuch, Sammlung G÷schen 1111/1111a, Berlin 1962: 20f.). It Aldingelsk űntstie earst nei de kolonisaasje fan Grut-BrittanniŰ yn 'e fyfte ieu (b.g. John Hines, Focus and boundary in linguistic varieties in the north-west germanic continuum, V.F. Faltings u. A. (Hrsg.), Friesische Studien II, Odense University Press 1995: 35-62. (Tekst sjoch űnder).

Der wurdt dus blykber oannommen dat der foar it ˘fspjalten fan al dy talen in mienskiplike westgermaanske taal praat waard. In műglike ferklearring dŕrfan kin fűn wurde troch oan te nimmen dat de nije ynkommelingen koart tefoaren nomaden wiene. Dat talen yn sa'n koarte tiid foarme wurde kinne, besykje ik te ferklearjen yn Taal, wat giet oer it űntstean fan de űnderskate Fryske tongslaggen om 1500 hinne. It dŕrtroch űntstiene ferskaat is no noch te hearren.

By al dit soarte saken moat der om tocht wurde, dat der oangeande de midsieuwen yn dizze kriten noch in soad űnwis is. Wol frij wis is, dat de grutste midsieuwske hannelers fan 'e Noardsee ˙s famylje binne.
Ik fyn it lykwols folslein ferkeard om te rŕsten op dy Ôlde eare; minsken moatte grutsk wŕze op wat hja no binne en op 'e taal dy'y hja no hawwe, mei al syn nijsgjirrige nijfoarmings. Dan kinne wy faaks ek wat mear each hawwe foar de nijsgjirrige kanten fan oaren. PK, 23-12-2000.

TAHEAKKE
In pleitbesoarger fan de kontinu´teit is H. Halbertsma. Op side 301 fan syn nij boek Frieslands oudheid wurdt dat nochris d˙dlik ˙tienset. It is nammers in prachtich boek fan 406 siden op grut formaat, prachtich illustrearre, goed lŕsber en dochs ferantwurde en bywurke neffens benammen skriftlike boarnen ˙t hiel NederlÔn en oangrinzgjende gebieten. Dŕrom is it foar myn gefoel wol it masterwurk fan dizze trŕftige archeolooch en histoarikus, dy't it ferskinen fan it boek lykwols net mear belibje meien hat. PK, 9-3-2001
Frieslands oudheid. Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang.
Uitgeverij Matrijs, Utrecht, 2000. f. 79,90, tydlik f. 69,90 oant 1-7-2001.
E-mail: uitgeverij@matrijs.com

 

Gysseling 80

 
     
 

Naumann/ Betz 20

 
     
 

Hines 51