Fundamentele fragen
Werom nei: frysk.htm
YNHALD

Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside


Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside


Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside


Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside


Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside


Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside


Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside


Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside


Foarbestimming

Tiidreizen

It wiere leauwe

Boppe

Thsside

 

Foarbestimming en frije wil

As wy it web op dat nderwerp trochsykje, dan fine wy in grut tal teologyske ferhannelings. Dizze is lykwols boud op logyske redenaasje.

1. Alle foarfallen binne nderling ferbn troch de regels fan oarsaak en gefolch.
Dat jildt foar fysika en gemy, mar likegoed foar it deistige libben. Stel do hast in auto-ngelok hn om'st yn in heilstoarm kaamst om'st op besite woest by in lde freon, oan wa'st tocht hiest om't der in aparte ljochtfal yn 'e tn wie, dy't kaam fan sinnestrielen troch reinwolkens, dy'st krekt sjoen hiest, om'st nei it rt gien wiest om te sjen oft dyn klean byinoar kleuren.

2. Wy sille de regels fan oarsaak en gefolch nea yn detail witte.
Yndied witte wy yn fysika en gemy tige krekt de regels fan oarsaak en gefolch yn gns prosessen. Lykwols witte wy net krekt, hokker atoom ferbn wurde sil mei dat iene oare op in beskaat stuit; wy witte it allinne statistysk. En sels dre binne gns nbekinde fjilden. Sels yn silisium, it bst bestudearre elemint fan hjoeddedei, binne gns effekten dy't wy net begripe. En in bulte dingen sille wy nea begripe, noch yn it minst de emoasjes yn s eigen holle! Wy moatte drom tige beskieden wze yn it foarsizzen fan 'e takomst!

3. De minsklike nfolmakkens is de grnslach fan s frijheid.
As wy de regels fan oarsaak en gefolch krekt wisten, dan wie der gjin frijheid. Om in lang en lokkich libben te hawwen, soene s wegen tige krekt lein wze fan it begjin oant de ein. Der soe gjin teloarstelling wze en gjin ferrassing. It libben soe wier ferfeelsum wze.
Yn wurklikheid moatte wy lykwols altyd kieze, diskant t of dy kant t. Hjirhinne gean of drhinne gean - dit sizze of dat sizze. In frisselwurk fan mglikheden snder ein leit foar s, elke dei, elke wike, elk jier. Wy sitte altyd tusken noed en lok. Dat makket s libben spannend en it jout s de mglikheid it bste derfan te meitsjen. En it is s lok, dat wy folslein nwittend binne oer de foarbestimming op in heger nivo.

DAT DER IS FRIJE WIL EN FOARBESTIMMING OP ITSELDE STUIT.
Guon minsken sille drtroch teloarsteld wze, om't se de leavjende hn fan'e Skepper misse. Mar soe Hy net wze efter dy gearstalde regels fan oarsaak en gefolch, dy't it s mglik meitsje lokkich te libjen op dizze ierde? PK





Tiidreizen

Snt lde tiden hat de minske besocht t 'e realiteit te stappen. In mglikheid drta liket te lizzen yn it stappen t jins tiid. Ferskaten fan s hawwe noch weet fan Wells syn Tiidmasine en hy hat gns neifolgers krige. Mar wat is tiidreizgjen en soe dat wier mglik wze?

Op in dei lang ferlyn besocht ik de oarsaak te finen fan in ynstabiliteit (trilling) yn in skeakeling troch mei in ossilograaf de tiden te ferlykjen dr 't in beskaat ferskynsel mei ferskynde op beskate plakken yn 'e skeakeling. Redenearjende dat oarsaak altyd komt foar gefolch, besleat ik dat de boarne fan 'e ynstabiliteit lizze moast op it plak dr't er it earste ferskynde. Dr makke ik in feroaring en de skeakeling waard stabyl.

Hjoeddedei mei Nyquist-diagrammen en sa witte wy dat ynstabiliteit in bytsje gearstalder is, mar op dat stuit krige ik yn'e rekken dat tiid allinne definiearre is troch oarsaak en gefolch.

Dat is de oarsaak derfan dat de yndruk fan tiid sa ngelyk weze kin: as't wachtest op in trein of in fleanmesine dan kin in oere snder ein lykje, mar as't nei in spannende film sjochst of praatst yn goed selskip, dan liket de tiid samar fuort te rinnen. De tiid liket yn wierheid teld te wurden troch it tal fan 'e foarfallen.

Dat makket ddlik dat tiidreizgjen in contradictio in terminis is. Tiidreizgjen is drom kleare nsin, om't it oarsaak en gefolch omkeare soe. En dat mei in nderwerp wze wat troch guon skriuwers yngenieus tarbeide is, yn feite soe it in nmglike wrld meitsje. Drom: tiidreizgjen is neat.

Soe der dan gjin mglikheid wze om te ntkommen oan in bytiden ngelokkige of ferfelende wurklikheid? Jawol, it is yn dyn harsens. Want de wurklikheid is sa'st him sjochst. Immen kin folslein lokkich wze yn omstannichheden dr 't oaren har deadlik yn ferfele. Mar dr is hiel wat oan te dwaan troch dyn gesichtspunt te feroarjen. Sels yn it djipste leed is der in sinnestriel bten, foar dy! Hoechst allinne mar te sjen. PK





Wat is it wiere leauwe?

Gns minsken nimme de Bibel ta har liedsman en se binne der lokkich mei. Ik wol net immens leauwe ferniele, mar der binne dochs in pear dingen dr't om tocht wurde moat om wille fan 'e frede yn s wrld.

Om de Bibel te begripen hawwe wy ferlet fan in oersetter, in tlizzer. En it frjemde is no, dat der safolle leauwen lykje te wzen as dat der tlizzers bine. Men kin sels konkludearje dat der safolle leauwen binne as dat der leauwigen binne, want wy lizze de tlizzers allegearre op s eigen wize t. Guon wurden jouwe net deselde fielings en ynterpretaasje foar guon minsken as foar guon oare minsken.

Soks makket gns minsken tige nrstich, om't se noed hawwe de fste grn under har fuotten te ferliezen. Dat kin ien fan 'e redenen wze om oare oertsjgings te nderdrukken. Dat is in algemien type fan minsklik gedrach; net allinne guon religys plichtsje fwikende tinzen te nderdrukken, mar neimaak-religys lykas it kommunisme dogge dat ek.

Mar as it derop oankomt, fyn ik dat der gjin reden is foar nrst yn dit stik fan saken, want salang as elk fsthldt oan syn of har leauwe, salang is der neat om bang foar te wzen. Wy meie sels bliid wze dat de Bibel sa'n rike ynhld hat, dat er in liedsman wze koe foar minsken al dy 2000 jier lang en faaks langer, dat er stipe en treast jout oan minsken fan de stientiid oant de kompjtertiid.

Wy moatte net ferjitte dat it witten dat wy t 'e Bibel krije, basearre is op leauwe. Sadree't wy twivelje oer de wierheid fan 'e Bibel as God's Wurd, nimt syn wearde f. Der binne lykwols dingen yn 'e Bibel, dy't op harsels steane. Alles kin in leagen wze of in mythe, sa't guon tinke, mar der is noch altyd it goede nijs fan God's almachtige leafde foar de minsken en 'e wrld. Sadree't wy dat leauwe kinne, hawwe wy de sterkste boarne fan treast.

Sels wannear't elk fan s sterk oerstjge is fan syn/har leauwe, sille wy dochs tajaan moatte dat der oare leauwen binne, dy't ek berste op'e Bibel of op oare hillige boeken. Dat betsjut faaks dat de Wierheid mearfoarmich is, dat wy lytse minsken net sjen kinne wat derefter sit. Dan moatte wy leauwe dat alles yn 'e ein goed wze sil. It is lykwols in wichtige saak, dat wy de regels fan s eigen tlis net langer oplizze kinne oan beliders fan in oar leauwe. Fierste faak binne nskuldige minsken tuchtige ta de dea op grn fan regels dyt' troch s lytse minsken op grn fan 'e Bibel konstruearre wiene. Lit s dochs beleaven minder pretinsjeus wze!

En om de frage te benderjen: it wiere leauwe is DYN leauwe! PK

Werom nei: frysk.htm
okt99