Papers Fergees op te heljen: myn lānnammekaart fan Sealterlān seelt3.htm (2 MB!!) Foarbyld: roomelse.gif (100 kB)

Pyt Kramer,

IN FONOLOGYSKE RAMP

(Bydrage 12e Frysk Filologekongres, 1991)
Mei in taheakke

[A phonematic catastrophy]. (appendix added).
Summary - Old Frisian a: (corresponding to Germanic au and partly to ai) has developed to [o:] in Saterfrisian, leading to the narrow opposition [o:] - [ou]. This development will have been caused by a new [a:] due to stretching of short a in open syllables, as reflected in today's opposition [o:] - [a:]. On this basis it is supposed that the Old Frisian long vowel phonemic system is exploded in the 14th century, due to a sudden appearance of stretched vowels, chiefly in loan-words. The stretching might even have been imposed on the language by repeated borrowing. This hypothesis would explain the strong dialectic variation in modern Frisian. Moreover it would shed light on the problem of origin and change of languages in general. (Contribution to the 12th Frysk Filologekongres of the Fryske Akademy, 1991).

[Eine phonologische Katastrophe]. (Anhang hinzugefügt).
Zusammenfassung - Altfriesisch a: (entsprechend Germanisch au und zum Teil ai) hat sich im Saterfriesischen entwickelt zu [o:], was führte zur phonologischen Opposition [o:] - [ou]. Diese Entwicklung wird verursacht sein durch ein neues [a:] infolge Dehnung des kurzen a in offener Silbe, was sich wiederfindet in der heutigen Opposition [o:] - [a:]. Auf diesem Grund wird die Annahme gemacht, daß das altfriesische Phonemsystem der langen Vokale explodierte im 14. Jahrhundert infolge einer plötzlichen Erscheinung gedehnter Vokale, vorallem in Lehnwörter. Die Dehnung kann der Sprache sogar auferlegt worden sein durch wiederholte Entlehnung. Diese Hypothese würde die starke mundartliche Spaltung im Neufriesischen erklären. Auch könnte sie ein neues Licht werfen auf das Problem der Ursprung und der Änderung der Sprachen im allgemeinen. [Beitrag zum 12. Frysk Filologekongres der Fryske Akademy, 1991].

Gearfetting -Aldfrysk a: (oerienkomstich Germaansk au en foar in part ai) hat him yn it Sealtersk ūntwikkele ta [o:], wat late ta in fonologyske opposysje [o:] - [ou]. Dizze ūntjouwing sil feroarsake wźze troch in nije [a:] śt rekking fan 'e koarte a yn iepen wurdlid, wat wy weromfine yn 'e hjoeddeiske opposysje [o:] - [a:].
Op grūn dźrfan wurdt oannommen, dat it Aldfryske foneemstelsel fan 'e lange lūden yn 'e 14e ieu ūntploft is as gefolch fan it ynienen ferskinen fan rutsene lūden, benammen yn lienwurden. Dy rekking soe de taal sels oplein wźze kinne troch hieltyd op 'e nij ūntlienen. Dizze hypothese soe de sterke dialektyske spjalting yn it Nijfrysk ferklearje. Hy soe ek in nij ljocht smite kinne op it probleem fan it ūntstean en de feroaring fan talen yn it algemien.

Sa 'n tachtich jier lyn moat Ferdinand de Saussure, de grūnlizzer fan it strukturalisme, de earste west hawwe, dy 't in skerpe skieding lei tusken de histoaryske en de syngroane taalwittenskip1. It liket derop, dat sūnt dy tiid it grinsgebied tusken beide wat mijd is. It is dźrom net sūnder skrutenens, dat ik my op dat grinsgebied weagje.

Myn ferhaal sil yn earste ynstānsje gean oer de ūntjouwing fan de Aldfryske a: yn it Sealtersk, de Fryske taal dy't sa'n 30 km. oer de Dśtske grins sprutsen wurdt. It Sealtersk hat trije tongslaggen: dy fan Strukelje, dy fan Roomelse en dy fan Schäddel. Myn foarbylden komme śt de tongslach fan Schäddel, dy't de minste fernijingen ūndergien liket te hawwen.

Yn it Sealtersk is de ālde a: ta [o:] wurden, b.g. Boom 'beam'. Mei it produkt fan de ālde o: levert dat de opmerklike fonologyske opposysje [o:] - [ou] mei as minimale pearen2:

Brood 'bōle' Brooud 'broed'
Dook 'dize' Doouk 'doek'
foolgje 'felgje' fooulgje 'folgje'
ljoo 'leaf' ljoou 'lij'
noodelk 'bang' nooudelk 'noardlik'
ploogje 'pleagje' ploougje 'ploegje'
Rook 'reek' Roouk 'roek'

It giet hjir dus dśdlik om twa fonemen, mar se lizze sa ticht byinoar, dat se foar in net-Sealter hast net te ūnderskieden binne. Sels de grutte ūndersiker fan it Sealtersk - Johann Friedrich Minssen - fage beide fonemen ūnder ien teken gear, wylst er dochs oars sa krekt wie op it werjaan fan 'e lūden3.
Dat it lykwols om twa fonemen giet, kinne wy ek noch sjen oan it feit, dat de [ou] foaral yn de Strukeljer tongslach ta []u] wurden is, wylst dat mei de [o:] net barde.

Hoe komt it Sealtersk no oan sa'n nauwe4 opposysje, dy 't foar it ferstean sa dśdlik problemen oplevert? Wy soene hjir tinke kinne oan de algemiene tendins fan talen ta in slettener śtspraak5. Foarsafier't yn it Leechdśtsk fan 'e omkriten ek in ālde a: foarkaam, is dy lykwols alhiel nčt of net fólle slettener wurden6.
Dat soe dan komme kinne troch in yn oare talen ek wol synjalearre mechanisme, dat it ūntstean fan te nauwe opposysjes opkeart7. Yn'e Leechdśtske omkriten drige lykwols net it ūntstean fan safolle nauwe minimale pearen8.

Wy moatte dźrom hast wol oannimme, dat yn it Sealtersk in oare krźft wurksum west hat, dy't der ta late dat it produkt fan de ālde a: sa sletten waard. Dy krźft kinne wy neffens my fine yn de Sealter opposysje [o:] - [a:] mei as foarbylden9:

Boore 'boar' Baare 'bear'
Hoose f. 'hoas' Haase m. 'hazze'
Hooke 'hea-oper' Haake 'heak'
Looge 'sjipsop' Laage 'laach'
rookje 'rikje' raakje 'reitsje'
smookje 'smoke' smaakje 'smeitsje'
wook 'weak' waak 'wekker'

By in part en mūglik sels de mearderheid fan 'e wurden śt 'e earste kolom kin de [o:] śt afr. a: ōflaat wurde. By gearfallen mei de nije [a:] śt 'e rjochter kolom soe dat ta fersteansproblemen laat hawwe. Om dy reden sil de ālde a: nei [o:] ferskood wźze10.

Dat wie it Sealtersk. Mar as wy no yn 'e oare Fryske tongslaggen om śs hinne sjogge, dan docht bliken dat de ālde a: oerįl ferdwūn is11. De konklśzje is neffens my dśdlik: de aldfryske a: koe net bestean bliuwe.
De oarsaak fan dat alles sil it ūntstean fan dy nije [a:] west hawwe. Yn 'e rjochter kolom fan it lźste rychje giet it hast oeral om rekking yn iepen wurdlid, ek yn in pear lienwurden. It liket der dus op, dat dy rekking de śteinlike oarsaak is12.
De rekking yn iepen wurdlid is in algemien Westgermaansk ferskynsel yn in tiid wźryn 't de aparte talen allang bestiene. De oarsaak sil lein hawwe yn 'e tanimmende klam op it earste wurdlid, dy 't soarge foar it langer wurden fan koarte lūden mei klam13. Yn it Frysk sil dy tindins swakker west hawwe as yn 'e buortalen, lykas wy sjen kinne oan 'e folle fokalen yn wurdśtgongen yn it Aldfrysk en it Wangereachsk en oan it oant hjoeddedei ta behālden fan śtgongswurdlidden dy 't yn 'e buortalen ferdwūn binne14.
Men soe dus ferwachtsje dat de rekking yn it Frysk benefterbleaun wźze soe by dy fan 'e omkriten, mar dat is net it gefal, grif yn it Sealtersk net15.
Men kin jin ōffreegje hoe't dy rekking him dan dochs fan taal ta taal fuortsette koe. It andert soe wźze kinne: troch lienwurden. By it hieltyd op 'e nij ūntlienen waard de rekking yn 'e iene taal faaks "kopiearre" yn de oare16.
Rekking en lienwurden sille ek har ynfloed hān hawwe yn 'e foarste stile fan it fokaaldiagram, dźr 't yn it Sealtersk de nauwe opposysje [e:] - [ei] ūntstien is17.
De konklśzje moat weze, dat as gefolch fan ditsoarte wurkingen it Aldfryske systeem fan lange fokalen yn'e moderne tongslaggen folslein feroare is. As wy as wurkhypothese śtgeane fan in troch de Aldfryske hānskriften suggerearre stelsel fan trije trimen mei fiif lange fokalen18, dan binne der dus yn it Sealtersk twa bykommen, sūnder noch te rekkenjen mei de jongere [e:] en []:]. Sa 'n ienfāldich Aldfrysk stelsel soe de tsjintwurdige wurdskat ek net ferwurkje kinne.

Dit wie de grūnslach fan myn ferhaal en dźr woe ik no mei ienfāldich ark op fierderbouwe. Yn 'e Aldfryske boarnen is neffens Sjölin19 gjin opmerklik dialektysk ūnderskied te finen. Sūnder rjochtstaal en sprektaal alhiel lyk te slaan, liket it derop, dat de Friezen fan East en West inoar sūnder altefolle problemen ferstien hawwe.
Hoe oars sjocht de taalkaart der hjoeddedei śt: Hylpersk, Skiermuontseachsk, Sealtersk en it Noardfrysk yn syn ferskaat klinke śs as frjemde talen yn 'e earen en binne sūnder stśdzje net nei te kommen.
Dat wiist op in grutte feroaring. Dochs is de lźste 200 jier - foarsafier śt it skriftbyld ōf te lieden - alteast it Sealtersk kwealik feroare20. Wy moatte dźrom hast wol beslute ta in feroaring ynienen. Dat soe ek in ferklearring foarmje foar it hjoeddeiske ferskaat yn tongslaggen: it gie dan sa hurd, dat it net troch ūnderling kontakt lykbreide wurde koe.

Oer de oarsaak fan taalferoaring yn 't algemien bestiet gjin klearrichheid. Lass21 miende dat taalferoaring ek net śtlein wurde kin as er net foarséin wurde kin. Mei nei oanlieding fan dy śtspraak waard yn 1985 yn Amsterdam in wurkgearkomste holden ūnder de wat dizenige titel "Explanation and Linguistic Change". It besprutsene bleau nei myn betinken ek wat dizenich, mei as grutste wierheid it oanheljen fan in śtspraak fan Sapir ut 1921, dat der in ferienfāldigjende ūntjouwing is22. Der is lykwols alris op wiisd, dat de oarspronklike taal dan wol tige komplisearre west hawwe moast23. In brūkbere teory oer taalferoaring liket dus noch te ūntbrekken.

Yn dy diskusje soe ik it fundamintele feit nei foaren bringe wolle, dat in taal in kommunikaasjemiddel is. Ferstien te wurden, is faak in libbensbelang. As dan troch rekking guon lestige homonimen driigje te ūntstean, komt it ta fonologyske need en sil in taal him oanpasse. Dźrby kin men jin yntinke dat de ālde a: al mear slettene farianten of allofoanen - []:], [e:] - hie en dat dy no algemien waarden, wylst de suvere [a:] foar it rutsene lūd bewarre waard.
De sketste gong fan saken jout ek in mūglike reden foar it grutte ūnderskied tusken de westlike en eastlike tongslaggen. It Leechdśtsk lit al ier in wiksel fan [a:] en []:] sjen24, dy 't yn it Hollānsk sa ūnbekend wie, wylst dat Hollānsk letter wer in wiksel fan [a:] en [e:] fertoande25. Sa kinne dy buortalen fia āldere lienwurden de saak beynfloede hawwe. Yn it Noardfrysk sprekt fansels de Deenske ynfloed ek tige mei26.

Hoe sille de minsken dy feroaring no ūnderfūn hawwe? As it wier allinne om it opjaan fan in śtspraakfariant fan de ālde a: gie, dan grif net as botte yngripend. It wiene ommers mar lytse ferskowings en se praten gewoan Frysk - Fräisk - Frasch troch. Earst yn it kontakt mei guon śt oare Fryske kriten sil de klap kommen wźze.
Lit śs ris nei it Hylpersk sjen. It is krekt oft dy stedsjers har wat mear by it ālde holden; har baim stiet folle tichter by Aldfrysk bām as it boerske beam. It liket my ta, dat it Hylpersk it prototype is fan it Stedsfrysk. It fźsthālden oan it ālde sil dźr lykwols tige nauwe opposysjes jūn hawwe, sa 't dy nei 't it liket noch besteane yn it Hylpersk27. Soks sil lykas yn it Sealtersk foar frjemden net nei te kommen west hawwe en it soe jin dan ek gjin nij dwaan as yn 'e gruttere stźden de lange fokalen har nei 1515 oan 'e nije hearen oanpasse moasten. Dan soe it Stedsfrysk dus gjin "Nederlānsk yn Fryske mūlen" wźze, mar echt Frysk dat yn de oplossing fan syn fonologyske problemen tige troch it Hollānsk beynfloede is. In soartgelikense oplossing soe men yn jin omgean litte kinne foar ąlle Frysk kleurde tongslaggen, lykas Amelānsk, Oertsjongersk, Westfrysk, Grinslānsk en Eastfrysk, dźr 't by opfalt dat guon harsels "Frysk" neame. Dat de feroaring śt need ek eksoatyske wegen kieze koe, sjogge wy faaks yn it lizzen fan de klam op it twadde wurdlid yn it Wurstfrysk28.

Ik woe it no hawwe oer de tiidskaal fan it ferskynsel. Alderearst moat opmurken wurde, dat in fonologyske feroaring yn prinsipe abrupt is29. Op it momint dat it earste wurd mei it nije foneem śtsprutsen waard, wie de feroaring in feit. Op dat stuit waard yn in krite beskaat oft de ālde a: dźr tenei [o:] wźze soe of [eb]. Troch de geografyske lizzing fan de ūnderskate kriten fan it Fryske taalgebied sil yn 'e lette midsieuwen it kontakt fan elk fan dy kriten mei oare talen grutter west hawwe as it ynterne Fryske kontakt. Sa koene har folslein ūngelikense oplossingen fan it fonologyske probleem ferspriede.

Lykas sein, giet it by de opposysje [o:] - [a:] by de wurden mei [a:] hast allegearre om in yn iepen wurdlid rutsene koarte [a]. Dat sil betsjutte, dat de need ta oanpassing fan de ālde a: net earder kaam as op it stuit fan dy rekking. Wannear 't dat west hat, hat Hofmann oan 'e hān fan 'e stavering neigean kinnen. Yn it Westerlauwerske Frysk wie it faaks earst begūn yn 'e fjirtjinde ieu, wylst al om 1400 hinne de rekking foltōge wie30. Dat moat betsjutte, dat yn deselde tiid de ālde a: syn ūnderstelde iepene ūtspraak (tekens dźrfan noch yn Sealtersk gratter, hagger ensfh.) ferlern hawwe moat en yn slettener farianten śtinoar foel.
Dat dźrfan yn 'e Aldfryske skriuwtaal net folle te fernimmen is, kin lizze oan it mūglike bestean fan in tuskentrime []:] en [e:]31. Dy lūden koene noch maklik mei a werjūn wurde.
Letter ūntstiene lykwols oare rekkingsprodukten, lykas yn Westerlauwersk stźd en Sealtersk loang, en dy kinne de oarsaak derfan west hawwe, dat de produkten fan de ālde a: śteinlik ta [eb] en [o:] waarden en dźrmei langer slim yn ien stavering te fangen wiene32.

It is de muoite wurdich om oandacht te besteegjen oan 'e geweldige soasiale ynfloeden fan sa 'n ūntjouwing. It hiele taalgebied fan it Aldfrysk mei syn prestiizje as skriuwtaal33 wie yn koarte tiid śtinoar fallen. Lānslju ferstiene inoar mar heal mear. It is net ūnmūglik dat de skriklike skelen yn it 15de ieuwske Fryslān gearhingje mei sa 'n taalkundige feroaring.
De echte motor fan alles sil west hawwe it sterk ōfnimmen fan de Fryske hannel en de fermindering fan de betsjutting fan Fryslān yn dy tiid34, wźrtroch 't nije begripen en dźrmei nije wurden fan būten ynstreame koene.

Ik haw my ferliede litten ta te sizzen, ek nei soartgelikense ferskynsels yn oare talen te sykjen. Dźrta gean ik noch in tūzen jier fierder tebek. De Germanen brekke troch de grinzen fan it Romeinske ryk. Ynienen hawwe hja te krijen mei in grutte mannichte fan frjemde nije begripen mei de dźrby hearrende wurden. En dan binne dźr ynienen al dy talen: Aldingelsk, Aldheechdśtsk, Aldsaksysk, Aldfrysk en faaks sels Aldleechfrankysk, wylst earder it ūnderskied folle lytser west hawwe moat35.
Wy kinne noch fierder tebekgean en wize op it suver sūnder spoar ferdwinen fan it Keltyske Gallysk36. Moatte wy it Frānsk faaks as in soarte "Stedsgallysk" beskōgje? En dan it Rūmeensk, dźr sa isolearre yn 'e Balkan; is dat faaks "Stedsdacysk"?

It liket der op dat de grutte taalferoarings ynienen barre, mei in skok, ūnder de ynfloed fan lienwurden. De lettere stadige feroarings binne dan faaks net mear as it hieljen fan de ūntstiene barsten.
As dat allegear wier is, dan soene wy in wichtich gegeven yn hannen hawwe oer de wize fan ūntstean en feroaring fan talen. En dan soene it Frysk en de Frysk kleurde tongslaggen in dokumintaasje fan folle grutter belang wźze as oan't no ta tocht is. In dokumintaasje, dy 't de mūglikheid jout, ditsoarte ferskynsels yn detail te bestudearjen.

Dizze hypothese mei gāns oant no ta ūnbegrepen feiten ferklearje, der falt ek noch hiel wat yn troch te timmerjen. Histoaryske berjochten oer sokke fonologyske eksploazjes ūntbrekke, of it soe wźze moatte it Bibelske ferhaal oer de toer fan Babel37, opfallenderwiis ek wer yn in sitewaasje mei de śtwikseling fan grif gāns nije terminologyen.
Ut 'e wrāld fan hjoeddedei binne sokke ferskynsels my ek net bekend, al binne der talen dy 't op ferdwinen steane of koartlyn ferdwūn binne. Opmerklik yn dit stik fan saken is de sterk wikseljende śtspraak dy 't Siebs38 yn it śtstjerrende Wangereachsk fūn. It ūndersiik fan de ynterferinsje fan talen soe hjir noch wolris wichtich materiaal opsmite kinne. Faaks kinne wy dan ek de śtdaging fan Lass oannimme en foarsķzze oft de "grutte" talen fan śs tiid ek op koarte termyn troch sa'n ramp bedrige wurde en as in modern Babel ūndergean sille.

7 sept./ 4 okt./ 15 des. 1990.

NOATEN:
1. Anderson, s. 6.
2. De wurdboeken staverje (yn Roomelster tongslach) ou y.p.f. oou.
De ōfkomst fan 'e wurden is:
afr. brād Siebs 1889.286 - afr. brōd?, fgl. Spenter 233
mnd. dāk?, fgl. Schönhoff 52 - afr. dōk Siebs 1889.233
afr. *falgia, fgl. Löfstedt 1928.134 - afr. folgia, fgl. Siebs 1901.1200
afr. liaf Siebs 1889.301 - afr. *hliō? Kramer 1989.123
afr. nād- mei weibleaune umlaut njonken nźd, Siebs 1901.1233 - afr. nōrth- Siebs 1901.1200
mnd. plāgen, fgl. Löfstedt 1931.167 - afr. *plōgia Siebs 1889.234
afr.*rāk wurdt blykber ūndersteld by Siebs 1901.1387, fgl. Syltersk Rook en foar it weibliuwen fan de umlaut Siebs 1901.1233 - afr. *rōk, fgl. Löfstedt 1928.84.
It docht bliken, dat no foar Syltersk Rook it Leechdśtsk as boarne oannommen wurdt (V. Faltings, freonlike meidieling). Dat soe foar it Sealtersk ek kinne, mar dan soe wol oanjūn wurde moatte wat de oarsaak fan sa 'n ūntliening is. Dat soe yn dit gefal de ynfloed fan it tige frekwinte tiidwurd reeke 'jaan' wźze kinne.
3. B.g. dōk 'Nebel' en 'Tuch', Minssen 2.90.
4. Fgl. 'Too close .. phonologically' Anderson 124.
5. B.g. yn it Ingelsk yn de fyftjinde ieu; sj. Anderson 138.
6. B.g. plå:gng, plāgng Matuszak 110.
7. Anderson 107.
8. Yn 'e Leechdśtske omkriten fan Sealterlān is boppeneamde nauwe opposysje by Matuszak allinne mar werom te finen foar Brood - Brooud yn it oan Schäddel grinzgjende Lorup. Yn 'e oare gefallen is dy tefoaren kommen troch umlaut fan oou of troch in oare wurdskat (b.g. Krai y.p.f. Roouk).
9. De wurdboeken staverje (yn Roomelster tongslach) oa y.p.f. aa.
De ōfkomst fan 'e wurden is:
afr. bora?, fgl. Löfstedt 1928.234 - afr. *bara? Löfstedt 1931.66
āld *hosa Löfstedt 1928.233 - afr. *hasa Siebs 1889.67
afr. *hā-kokka? mei weifallen fan it middelste wurdlid sūnder klam, fgl. ing. hay-cock, nhd. dial. Kocke, deensk kok(k) Pokorny 394 - afr. *haka? Löfstedt 1931.57, Spenter 170
afr. *lāga, fgl. Spenter 173 - afr. laga, fgl. Spenter 156
afr. *rākia? fgl. rāk noat 2 - afr. *rakia?, fgl. Spenter 171 of mnd. rāken? Löfstedt 1931.57
mnd. smōken? - afr. smakia Löfstedt 1931.58
afr. *wāk Siebs 1889.272 - mnd. wake?, fgl. Kluge by wach
10. No is dit mar in lyts rychje wurdpearen en in taal kin ek wol guón homonimen ferneare. It is lykwols mūglik dat ik net ąlle pearen yn it tsjintwurdige Sealtersk fongen haw en grif net dy śt 'e rin fan 'e ieuwen. Boppedat soe it sa wźze kinne dat it gearfallen fan beide fonemen fersteansproblemen jūn hawwe soe op it nivo fan 'e sin, b.g. as stikken sin mei oare stikken sin betize waarden.
11. Kramer 1989.118.
12. Nei 't my bystiet is dit ferbān earne earder yn de Fryske taalkundige literatuer oanroerd.
13. Fgl. foar it Latyn Anderson 132.
14. Fgl. Sealtersk Doore 'doar', Hounde 'hān', Tume 'tūme', Sträite 'strjitte'.
15. Dźrby sels gefallen as it meartal Feete by Fät 'fet', faaks mei [e:] < [e:]. Yn it westerlauwerske Frysk lykje gāns sokke lūden troch analogy wer koart wurden te wźzen (b.g. Siebs 1901.1201), fgl. Sealtersk Loote, spreeke en Frysk lotten, sprekke.
16. W. Visser wiisde der op it kongres op, dat dat yn striid is mei de gewoane gong fan saken, wźrby 't it ūntliende wurd de fierdere lūdūntjouwing fan de ūntlienende taal folget. Soks liket my lykwols ōf te hingjen fan hoe hurd oft de feroaringen oan de jaande kant ferrinne. Men soe tinke kinne oan it feit, dat gāns wurden dy 't oant foar in fyftich jier yn 'e Frānske śtspraak ūntliend waarden, no op 'e nij yn 'e Ingelske ūntliend wurde.
17. Kramer 1989.124.
18. Kramer 1989.120.
19. Sjölin 1966.32, fergelykje ek Sjölin 1984.
20. De no yn Strukelje noch net alhiel trochsette ūntjouwing [ei] > [ei] b.g. is al ōf te lźzen oan slijpen 'slapen' by Westendorp 1819.101.
21. Lass 1980.
22. 'Convergent evolution', Lass 1987.168f.
23. Anderson 128.
24. Lasch 64ff.
25. Van Bree 157.
26. Löfstedt 1928.XI.
27. B.g. [a:] en []:], Blom 6.
28. Hofmann 1961, Möllencamp 1968.
29. B.g. Toon 279. Yn dit gefal soe de saak op gong brocht wurde op it momint wźrop 't de koartbleaune [a] en it ta [a:] rutsene produkt net mear as ien foneem fungearje. Dat bart neffens my op it stuit dat ién sprekker yn in taalmienskip gjin ūnderskied mear meitsje kin tusken lange en koarte bylūden (fgl. Hofmann 1969). En dat is in abrupte saak.
30. Hofmann 1969.75. Dat artikel hat myn tinken grif yn dizze rjochting beynfloede.
31.Yn Kramer 1989.122f. haw ik dy tuskentrime "net needsaaklik" neamd, mar dat betsjut noch net dat hja "ūnmūglik" is.
32. Dźr tsjut faaks op, dat it reglemint fan folmachten fan Riperahem fan 1522, "op Vriesche tale geschreven", yn 1591 "naer deser tegenwoordige tyden en talen getranslateert" wurde moast, sa te sjen op oanstean fan de folmachten, dśdlik allegearre Friezen (Charter-Boek van Vriesland II 429-431; Prof. Breuker wie sa freonlik my dy tekst takomme te litten).
33. A. Feitsma yn TV-śtstjoering oer Gysbert Japiks, Omrop Fryslān 1989.
34. Slicher van Bath 222f.
35. B.g. van Bree 95.
36. Gregor, side 20, ferklearret it lykwols troch massale migraasje nei Ierlān.
37. "En de Heare sei: (..) Kom, lit śs delkomme en dźr har taal betiizje, dat de iene de oare syn taal net mear ferstean kin. Sa ferstruide de Heare har dźrwei de hiele ierde oer en hja hālden op mei de stźd te bouwen" Genesis 11: 6-8. Ek al leaut men net oan 'e letterlike tekst, men moat dochs hast wol oannimme dat der sa'n soarte barren west hat.
38. Siebs 1901.1379.

LITERATUER.

J.M. Anderson, Structural Aspects of Language Change, London (Longman), 1973.

G. Blom, Hylper wurdboek, Ljouwert (Fryske Akademy), 1981.

C. van Bree, Leerboek voor de historische grammatica van het Nederlands, Groningen, 1977.

D.B. Gregor, Celtic, A Comparative Study, Cambridge (Oleander), 1980.

D. Hofmann 1961 yn Zeitschrift für deutsches Altertum 90, side 203-222.

D. Hofmann 1969 yn Studia Frisica, tinkskrift Prof. Dr. K. Fokkema, Grins (Wolters), side 67-75.

F. Kluge, Etymologisches Wörterbuch der deutschen Sprache, Berlin 197521.

P. Kramer 1989 yn Us Wurk 38, side 118-126.

A. Lasch, Mittelniederdeutsche Grammatik, Halle a.S. (Niemeyer), 1914.

R. Lass 1980, On Explaining Language Change, Cambridge.

R. Lass 1987 yn: W. Koopman e.a., ed. Explanation and Lingual Change, Amsterdam (Benjamins), side 151-176.

E. Löfstedt 1928, Der nordfriesische Mundart des Dorfes Ockholm und der Halligen, I, Lund (Gleerup).

E. Löfstedt 1931, Nordfriesische Dialektstudien, Lund (Gleerup).

H. Matuszak, Die saterfriesischen Mundarten von Ramsloh, Strücklingen und Scharrel inmitten des niederdeutschen Sprachraums, Diss., Bonn (1951).

J.F. Minssen, Mittheilungen aus dem Saterlande (1846), 2. Beend, Ljouwert (Fryske Akademy), 1965.

J. Pokorny, Indogermanisches etymologisches Wörterbuch, I, Bern (Francke), 1959.H. Schönhoff, Emsländische Grammatik, Heidelberg (Winter), 1908.

Th. Siebs 1889, Zur Geschichte der englisch-friesischen Sprache, Tübingen, neiprinte Wiesbaden (Sändig), 1966.

Th. Siebs 1901 yn H. Paul, (red.), Grundriß der germanischen Philologie, Strassburg, Band II:2, side 1152-1464.

B. Sjölin 1966 yn Us Wurk 15, s. 25-38.

B. Sjölin 1984 yn Miscellanea Frisica, feestbondel Prof. Dr. H.T.J. Miedema, Assen (Van Gorcum), side 55-66.

B.H. Slicher van Bath yn J.J. Kalma e.o., red., Geschiedenis van Friesland, Leeuwarden (Miedema), 1973.

A. Spenter, Der Vokalismus der akzentuierten Silben in der Schiermonnikooger Mundart, Kopenhagen (Munksgaard), 1968.

T. Toon 1987 yn: W. Koopman (sj. Lass 1987).

N. Westendorp yn Antiquiteiten 1.2, Groningen 1819, side 89-101.

TAHEAKKE
Mei help fan myn staveringsprogramma wp{wp}sv.lex fūn ik noch alve pearen [o:]-[a:] yn it Sealtersk. Dy moatte dus tafoege wurde oan de sān mei Boore-Baare.

boodje 'tynge dwaan' baadje 'baaie'
Boone 'beane' Baane 'baan'
(hi) boont 'būn' (hi) baant 'baant'
ferkoolje 'ferrifelje' ferkaalje 'kjeld skypje
koopje 'keapje' kaapje 'frije' (ferāldere)
kloodje 'klaaie' klaadje 'bargje'
knoopje 'knope' knaapje 'knappe'
roogje 'ferwege' raagje 'śtstekke'
(hi) sooch 'sūgde' (hi) saach 'seach'
toogje 'swylje' taagje 'narje'
(hi) woonde 'wenne' (hi) waande 'wende'

 

Om oan te jaan, dat yn it Westerlauwerske Frysk ek fonologyske problemen ūntstean moasten, folget hjir in list fan minimale paren mei ea - aa, dy 't fūn is mei help fan it staveringsprogramma Frysk fan 'e Fryske Akademy. Ynfloed fan jongere brekking is net rekkene, likemin as it lettere gearfallen fan -d en -t: Dus net sleat-slaad.

eachje aachje 'nijsgjirrich~'
beantsje baantsje
bear baar 'weach'
beare 'swetse bare 'knede'
dreager drager
fear faar 'heit'
geal 'fūgel' gaal 'tin plak'
heakje haakje 'hake'
heare hare 'tsiere'
keap kaap
keaper kaper
kearde kaarde 'klaude'
leach laach
leavje laavje
lead laad
meane mane
(ik) neam (ik) naam
pleagje plaagje 'plaggen stekke'
pream 'skip' praam 'noaskniper'
reaf 'string jern' raaf 'fūgel'
reak 'bult' raak 'kāns'
reap 'tou' raap 'koal'
skeadzje skaadzje
skeaf skaaf
skeare skare
tean taan 'foar seilen'
teapje 'tsiere' taapje 'fan drank'
weach waach 'waachhūs'
wear 'skiep' waar 'guod'
weazich 'drekkich' wazich 'dizich'

Dizze list komt oerien mei dy foar [o:]-[a:] yn it Sealtersk. It dochs noch gruttere tal pearen (30 tsjin 18) sil syn oarsaak fine yn it feit dat it Westerlauwerske Frysk better dokumintearre is en ek yn dat it minder śtgongen op -e hat, b.g. yn leach njonken Sealtersk Looge (fgl. noat 14). Yn 'e measte gefallen is ea śt Aldfrysk [a:] ūntstien en drige dus gearfal fan minimale pearen. Opfallend is dat it gauris oer oare wurden giet as yn it Sealtersk, wat gearhingje kin mei in ferskil tusken Mnl. en Mnd. ynfloed.

Yn syn bydrage oan it twadde Föhrer sympoasium wiisde Hines (1995:51) op 'e sterke taalfernijing yn it Aldingelsk sūnt de fyfte ieu. Hy ferklearret dat śt de taalwil fan it folk (58 en neipetear op it sympoasium). It foarmet lykwols ek in goede illustraasje foar myn bydrage, sjoen it feit dat de nei Brittanniė emigrearre Angelsaksen yn kontakt kamen mei in kultuer dy 't folle fierder ūntwikkele wie as harres, wat ūnūntkomber liede moast ta in tafloed fan nije wurden. Wol ferneatigen hja dy kultuer yn it begjin fierhinne, mar letter namen hja dy dochs oer (van Caenegem 1982).

R.C. van Caenegem, Geschiedenis van Engeland, 's Gravenhage/Antwerpen 1982.

J. Hines, Focus and boundary in language varieties in the North-West Germanic continuum yn: V. F. Faltings e.o. [śtj.] Friesische Studien II (=NOWELE Supplement vol. 12), Odense 1995:35-62.