In bydrage ta de
Filosofy fan de wittenskip

P. Kramer.

Natuerkunde kontra wiskunde.
Yn myn wurk haw ik my dwaande holden mei tapaste fysika. Dat wol sizze dat it der om gie, beskate ferskynsels te ferklearjen om sa de krektens fan mjitmetoaden beoardielje te kinnen. Foar in foarbyld sjoch Band Edges of Silicon. Ik wit noch dat ik foar sok wurk ris in fyftegraads yntegraalferliking oplosse moast. Yn it grutte blauwe boek fan Adamson socht ik drfoar op hoe't dat moast. Drmei wie ik klear mei de wiskunde. Yn datselde boek seach ik ek dat sa'n sekstegraads ferliking noplosber west hie, mar dat ynteressearre my net: ik hie gewoan gelok hn.

Dit ferhaaltsje jout oan dat foar beide dissiplines in alhiel ngelikense ynstelling nedich is. Ik kin my net yntinke dat minsken har mei grutte wille ferdjipje yn wiskundige fraachstikken en fan skaken hld ik ek net. Drfoaroer bin ik tige ynteressearre yn wat yn 'e praktyk omgiet en hoe't dat allegearre oaninoar fst sit.

It giet hjir eins om in nderskie tusken 'ynterne' en 'eksterne' wittenskip: de wiskundige tipelt om mei ferbannen dy 't troch de minsklike logika sels ttocht binne en hy besiket om drop fuort te breidzjen. Dat wurdt altyd in sletten systeem. De eksperimintele fysikus drfoaroer hat te krijen mei in grutte mannichte gegevens, dy 't er yn 'e praktyk fynt en dr moat er in theory foar betinke. En it sil bliken dwaan dat de praktyk altyd wat fan dy theory fwykt: der binne altyd wer detail-effekten dy 't har oan syn masterskip ntlke: hy hldt in iepen systeem.

Histoaryske kontra syngroane taalwittenskip.
Om 1900 hinne sloech de histoaryske taalwittenskip foar master op: neigean hoe 't de talen t ldere stagen ntstien binne (foarbyld Siebs' Geschichte). In nije wei waard ynslein troch de Saussure (Cours de linguistic gnrale, 1919), dy 't de taal beskge as in gearhingjend systeem op in beskaat stuit. Dat giet dus gewoan oer de taal fan 'e minsken, snder der rekken mei te hlden hoe't dy mei oare talen gearhinget. Dy wize fan beskgjen fn gns neifolgers en hast alle moderne theoryen fan taal bewege har binnen dat ramt. Dat sukses is mei te ferklearjen t it feit, dat by it ferskinen fan de teory it ekstreme lde nasjonalisme troch de earste wrldkriich syn glns aardich kwytrekke wie. Sadwaande is de histoaryske taalkunde in Jiskepster wurden.

De syngroane taalwittenskip fertoant in opmerklike oerienkomst mei de wiskunde. Krekt as de wiskunde bestudearret hja benammen de ynterne logika fan de minske, diskear dy fan syn taal. Dat is ek te sjen oan it yn ferhlding lytse tal oanhellings yn artikels en dan noch benammen oer logyske ferbannen dy't troch oaren fn binne, krektlyk as by wiskunde. By natuerkunde en histoaryske taalkunde drfoaroer besteane de oanhellings benammen t eksterne gegevens: resultaten fan fysyske mjittings en ekspeariminten, respektivelik troch de auteur of oaren sammele taalgegevens. En om wer in subjektyf gegeven yn te bringen: krekt as wiskunde fyn ik syngroane taalwittenskip yn it algemien in uterst ferfelende saak. Blykber heart by de nderskate dissiplines in oar type minske.

De fraach fan it nut.
Tusken beoefeners fan beide soarten taalwittenskip is gauris in lichte wriuwing te fernimmen: de "syngroanen" kinne it har net yntinke dat immen mei histoaryske saken ompankoeket en oarsom. Oan de 'eksakte' kant is it oars; dr hat de natuerkundige fan it begjin f oanfurde dat er de wiskunde as helpmiddel nedich hat, wylst oan 'e oare kant de wiskundige begrypt dat syn wurk op himsels gjin brea op 'e planke bringt.

En sa binne wy dus oan de nutsfrage kommen. Wat is nut? Ik wol dat definiearje as "alles wat bydraacht ta it wolwzen fan it minskdom". As gns boargers har der noflik by fiele te fernimmen hoe 't harren taal fstamt fan de ien of oare heechachte sprake t de ldheid, dan hat sok histoarysk krewearjen allinne drtroch al hiel wat nut. Fierders mei net fergetten wurde dat de histoaryske taalkunde bydrage kin ta de histoaryske kennis yn it algemien. En wa't de skiednis net ken is feroardiele har oer te dwaan, sa't Santayana sei.
De syngroane taalwittenskip drfoaroer kin syn nut ntliene oan it feit dat hja in taal beskriuwt en dat hja sa in grammatika makket, dy 't de boarger wer brke kin by it learen fan in frjemde taal as in middel om dy taal te generearjen. (By de hjoeddeiske trend om by it oanlearen fan in taal t te gean fan praktyske teksten, wurdt dat nut fansels wol wer wat lytser). En sels de taalhistoarikus kin yn guon gefallen nut hawwe fan 'e syngroane taalkunde, b.g. fan de fonology (in foarbyld yn in fonologyske ramp).

As wy no op'e stoel fan 'e beliedsmakker sitten geane, dan kinne wy sizze dat der eins gjin goede reden oan te fieren is foar in hegere wurdearring fan de syngroane rjochting yn 'e taalkunde. Better is om te besykjen ta nderling oparbeidzjen te kommen sa't dat ek oan de eksakte kant mei sukses beoefene wurdt. Op dy wize wurdt ek befoardere dat it foar de histoaryske rjochting geskikte type minsken yn 'e taalkunde bliuwt. Drmei wurde dan de optimale betingsten skepen foar nije trochbraken dr 't wy it nut no noch net fan besjen kinne.

Bten de wittenskip.
Men soe de neamde nderskieden sels twreidzje kinne ta de fjilden fan religy en polityk. It ynterne wiskunde-type hat alle plannen en ideen yn'e holle. It is it dogmatyske type: in prinsipile kommunist of krekt fl anti. Mar it is ek it type fan de goede lieder of liedster, dy't selsbewust oanstjoert op it doel, it mei goed beteare of ferkeard.
Drfoaroer stiet it eksterne natuerkunde-type, dat hieltyd trochgiet mei it sammeljen fan gegevens en mieningen t de btenwrld, hieltyd kritysk bliuwt en fragen stelt en op't lst troch twivel neat berikt. De praktyk leart dat de kombinaasje fan beide de bste tkomst jout en sa kin in liederstype tige nut hawwe fan in assistint fan it natuerkunde-type, al sil er faak lst hawwe fan dy syn krityske opmerkings. P.K., 3/14-8-2000.