Federalisme as libbenshālding
P. Kramer Is der in FNP-ideology? Side ophelle M/D/J:
Der liket in nije tiid te kommen foar it federalisme, dat ommers it ferskaat preket.

Tradisjoneel is federalisme in politike rjochting dy't ynfloed fan 'e dielen foarstiet, yn tsjinstelling ta sintralisme, dat in sintraal bestjoer befoarderje wol.

Neffens it federalisme foarmje de dielen meiinoar in federaasje, dy't troch oerlis ta besluten komme moat. Sa'n federale steatsfoarm hat as neidiel dat it net sa maklik ta ienriedige beslśtfoarming komt, wylst de sintrale steatsfoarm as neidiel hat dat regionale ferskillen net achte wurde en dat de besluten tige fier fan 'e minsken ōf nommen wurde.

Foarbylden fan lannen mei in federale steatsfoarm binne Switserlān en de Feriene Steaten fan Amearika en ek it Nederlān fan foar 1798. Nederlān is oergien ta in sintrale steatsfoarm ūnder ynfloed fan 'e Frānske revolśsje, it earste grutte politike dogma fan śs tiid, dat gjin tsjinspraak en dus ek gjin ferskaat brūke koe. Boppedat rźste de ālde federale struktuer foar in grut part op 'e adel en joech dus net genōch rūmte oan 'e nije ekonomyske middenklasse fan dy tiid. Sa waarden mei de nije steatsfoarm dus hiel wat ālde misstannen oprūme en ūntstie as reaksje alteast yn Fryslān in sterker regionaal bewustwźzen.

In dizze nije ieu docht bliken dat de ālde dogma's har tiid hān hawwe; net ien fan allegearre hawwe se de ideale wrāld brocht dy't se foarseine en de problemen fan hjoeddedei hawwe se net foarsjoen en lykje se net oplosse te kinnen. De tiid fan marsjearjende massa's is foarby. Nei twahūndert jier is it sintralistyske stelsel ferrotte.

Dit wurdt de ieu fan de twivel en twivel is hiel sūn. It bewarret de oerheid foar ūnberette besluten en makket dat hja better nei de boargers harket. Sa liket in nije tiid te kommen foar it federalisme, dat ommers it ferskaat preket. En it is krekt it oanfurdzjen fan dat ferskaat - net allinne fan regio ta regio, mar oeral yn'e maatskippij - dat in nije basis oan de mondiale mienskip jaan kin.

Nei twa ieuwen fan bloeiende wittenskip komt de minske ommers mear en mear ta it ynsjoch dat er de problemen net sa maklik oankin as noch hūndert of fyftich jier lyn tocht waard. Troch myn wurk yn 'e tapaste fysika - dźr 't hast elke teory daliks yn 'e praktyk toetst wurde koe - bin ik ta it ynsjoch kommen dat de minske de wierheid nea berikke kin; hy sit der altyd in eintsje neist en is soms folslein mis. Dan folgje wer nije diskusjes en eksperiminten en wy binne wer in stapke tichterby. Mar lykwols wykt de hoarisont fan it folslein begripen hieltyd fierder.

En as wy sokke problemen al hawwe mei it wźzen fan it meast ūndersochte chemyske elemint - silisium - hoe soene wy it dan net hawwe mei de folle mear komplisearre minsklike geast, dy't boppedat oanienwei beynfloede wurdt troch prikels fan būtenśt? En hoe soene wy de maatskippij trochsjen kinne, dy't bestiet śt it opinoar yn wurkjen fan al dy yndividśen. Sa wurdt sels it foarsizzen fan de ekonomyske konjunktuer - in yn haadsaak troch psychologyske faktoaren beynfloede proses - in nuodlike, sis mar ūnmūglike saak!

Op dat stuit wurdt dśdlik dat de maatskiplike en politike problemen it bźste beneikommen wurde kinne troch iepenbiere diskusje. Dźrby mei dy net mear beskaat wurde troch gelearde deadwaanders, mar troch de earlike miening fan 'e meidoggers; elk wit by eintsjebeslśt it bźste wat foar hģm wichtich is. It moat dśdlik wźze dat dźrmei de wittenskip net būtensletten wurde mei; diskusje moat barre op grūn fan fźststelde feiten en ferbannen. Dźr kin de wittenskip grutte tsjinsten bewize, mar hja moat de feiten sa iepen en begryplik mūglik bringe, dat net neist de kennis fan de wittenskipper syn subjektive ideeėn yn syn konklśzjes slūpe.

In machtich medium foar diskusjes en foar ferwurking en fersprieding fan 'e resultaten liket yn 'e neiste takomst it ynternet wurde te kinnen. Dźrneist is it lykwols needsaaklik dat regionale belangen en ideeėn yn 'e praktyk brocht wurde kinne op regionaal en lokaal polityk nivo. Mei oare wurden: provinsjes en gemeenten moatte in grutte selsstannigens krije, alles ūnder it motto: In hegere oerheid moat net dwaan wat in legeren likegoed of better kin. Dźr binne dan tagelyk gāns swierrichheden mei op te fangen dy't har foardogge as gefolch fan it ferskaat.