Frysk.htm

YNHALD___

It Programma

Aksinten

Opmaak

Hyperlinks

HTML-koade

JavaScript

Ljochtkrante

Koade plakke

Frames

Werom nei: frysk.htm

Jo eigen stee
op ynternet
 
Side ophelle M/D/J:
 
Dat kin, mar it kostet wol wat switdrippen. Foar oare begjinners wol ik drom fertelle hoe 't ik de swierrichheden sawat oplost haw. Alderearst: jild hoecht it net te kostjen, allinne muoite! Jo kinne Jo oanmelde by in fergees adres, lykas http://geocities.yahoo.com/join/ of http://tripod.lycos.nl/ http://www.110mb.com/ of http://www.000webhost.com/ of sjoch op Google mei 'gratis Website'. (In moaie ferliking op http://www.free-webhosts.com/ ). [De skraste providers binne ferfallen].

It gehiel wurdt betelle t it bytsje reklame dat by it oproppen fan Jo stee makke wurdt. Jo moatte drby in namme foar Jo webstee kieze (b.g. De fleurige Fries) en in wachtwurd. Drfoar krije Jo dan daliks Jo www-adres. Sjoch ek de skiednis fan myn eigen stee.
Klik no fierder te gean yn'e griene balke links op "It Programma". Om wer nei boppen klikt men op "YNHALD".





















Nei boppen

YNHALD

It Programma

Aksinten

Opmaak

Hyperlinks

HTML-koade

JavaScript

Ljochtkrante

Koade plakke

Frames

Werom nei: frysk.htm

It programma

In programma om sa'n stee te meitsjen hawwe de measten fan s wol. By Windows 98 sit nammentlik as ekstra it programma FrontPage Express. As it net op it burobld stiet, dan kinne Jo it mei de Verkenner sykje. Yn C:\Program Files\FrontPage Express\BIN sit Fpxpress.exe. Sleep dat mei de ms op it bureaubld, dan kin dr altyd wei start wurde.
!!!FrontPage Express kin ek delladen wurden fan steden as http://www.rml2.nl/informatiekunde/frontpage.html of http://www.nederlandstaligesoftware.nl/softwareprogrammas/frontpage-express.html.
Yn FrontPage Express kinne Jo samar type: "Dit wurdt myn webstee!" Slach it dan op Als Bestand nder de namme index.htm (mei lytse letters). Unthld wr 't it stiet. (Tekst t tekstferwurkers earst kopiearje nei Windows Kladblok en dan earst mei skermkopy nei Frontpage Express. Dit om de opmaakkoadeskwyt te wurden).

En dan komt it 'opladen' en dat hat my gns muoite koste, want mei de yn Windows oanwzige Inetwiz koe ik neat wurde en ek net mei in oar programma.
Op it lst fn ik it: By GeoCities moatte Jo nei ynloggen (Jo steenamme en Jo wachtwurd yntype) earst nei de File manager op http://geocities.yahoo.com/v/fm.html (by Tripod nei Webstarter). Dr klikke Jo dan op 'e knop Open File Manager (resp. Je site publiceren). Dan komt in skerm mei Jo www-adres en dr klikke Jo rjochts op 'e knop Upload Files. Jo fine dan nder de kop Easy Upload in stikmannich ynfolfekjes. Jo klikke op Bladeren en dan sykje Jo Jo eigen index.htm. Dr op dbelklikke en hy stiet al yn in fekje. Klik no op 'e knop Upload Files en wachtsje oan't it skerm ferspringt. Kies dan yn Internet Explorer Jo eigen www-adres en dr stiet Jo earste eigen skerm! Lokwinske. - Jo kinne ek daliks omsjen nei it goede alternatyf FTP.





















Nei boppen

YNHALD

It Programma

Aksinten

Opmaak

Hyperlinks

HTML-koade

JavaScript

Ljochtkrante

Koade plakke

Frames

Werom nei: frysk.htm

Aksinten

Aksinten type yn FrontPage Express kin eins net. Guon wolle noch wol mei ALT/nmer, mar by ALT/136 (= ) springt it hiele skerm fuort en it wurket ek lestich. Doe haw ik it mei myn WP6.0 tekstferwurker besocht, selektear de typte tekst en bring se dan mei knip en plak nei FrontPage Express. Mar WP6.0 levert gjin html-koade en it skerm fan FrontPage komt fol koades te stean.
Dr ha wy it folgjende op fn. Ik bring de tekst fan WP6.0 earst nei it tekstskerm fan myn e-mail programma HotMail en dan drwei nei FrontPage. Dan binne alle koades fuort en de tekst stiet der mei alle aksinten. Wol moat de opmaak op'e nij makke wurde. It kin ek mei oare tekstferwurkers, lykas WordPad.
Fansels kinne aksinttekens ek per stik fan it skerm oernommen wurde mei Kopiren en Plakken. Ik jou hjir in hiel rigeltsje:

- - - - œ Œ -
- - - - œ Œ - - € † - Grykse tekens

Matematyske tekens:
`1234567890-=qwertyuiop[]\asdfghjkl;'zxcvbnm,./ ~!@#$%^&*()_+QWERTYUIOP{}|ASDFGHJKL:"ZXCVBNM<>?

Fonetyske tekens:
`1234567890-=qwertyuiop[]\asdfghjkl;'zxcvbnm,./
~!@#$%^&*()_+QWERTYUIOP{}|ASDFGHJKL:"ZXCVBNM<>?





















Nei boppen

YNHALD

It Programma

Aksinten

Opmaak

Hyperlinks

HTML-koade

JavaScript

Ljochtkrante

Koade plakke

Frames

Werom nei: frysk.htm

Opmaak

FrontPage is fergees en dat betsjut dat der eins gjin hantlieding by sit; de helpfunksje liket mear op reklame. Gelokkich binne der ferskate websteden dr 't men help fine kin, lykas:

Cursus FrontPage Express
Kennismaking met FrontPage Express

Hjir folgje wat weetsjes:
De Enter-toets yntriuwe jout daliks in ekstra rigel spaasje; wolle Jo dat net, triuw dan Shift/Enter yn.
Foar kolommen is de Tabel-knop nedich. Dr kinne ek moaie fekjes om hinne makke wurde. Sa kin men ek plaatsjes en tekst neistinoar sette. De griene balke links is sa ek makke. Foar kleur: Tabel/ Celeigenschappen/ Achtergrondkleur en Opmaak/ Lettertype/ Kleur.
Soargje derfoar, dat by it opmeitsjen de knop oanklikt is om de yndieling te sjen. Klik wer t om it risseltaat te sjen.

Foarbyld fan in side mei eftergrn.





















Nei boppen

YNHALD

It Programma

Aksinten

Opmaak

Hyperlinks

HTML-koade

JavaScript

Ljochtkrante

Koade plakke

Frames

Werom nei: frysk.htm

Hyperlinks

Meitsje no in side muzyk.htm en typ dr de tekst "Tetteretet!" op. Gean no wer yn FrontPage Express nei index.htm en meitsje nder "Dit wurdt myn webstee!" in nije rigel. Kies yn menu Invoegen de opdracht Hyperlink.
Typ yn Hyperlink maken nder World Wide Web by URL de tekst muzyk.htm en klik OK. No stiet op index.htm de tekst muzyk.htm yn blau.
Laad no beide siden op en kies yn Internet Explorer Jo www-adres. Klik no op Vernieuwen en muzyk.htm ferskynt dr ek. Klik dr op en dan ferskynt "Tetteretet!".
Op dizze wize kinne Jo nei alle mglike siden ferwize, ek dy fan oaren. As jo de betreffende side yn ('e earst iepene ferzje fan) Internet Explorer oproppen hawwe, dan stiet er automatysk al by URL.

By lange teksten is it ek mglik om in ynhld mei hyperlinks te meitsjen dy 't nei de nderskate tuskenstikjes ferwize, lykas op dizze side yn 'e griene balke YNHALD links.
Typ b.g. op 'e side muzyk.htm in skerm nei nderen de kop Klassyk en selektearje dy. Klik no op Bladwijzer yn menu Bewerken en klik op OK; nder "Klassyk" komt in stipkestreek. Gean no boppe yn 'e side en kies yn menu Invoegen wer de opdracht Hyperlink.
Klik yn Hyperlink maken by Pagina's openen op muzyk en dr yn Bladwijzer op Klassyk en klik OK. No ferskynt op 'e side de tekst muzyk. Klik drop en it byld springt nei de tekst "Klassyk". Feroarje de tekst muzyk yn Klassyk.
Sa kin ek nei elk stikje nei de ynhld werom sprongen wurde. Alles kin nochris yn HTML besjoen wurde yn menu Beeld. Ik haw de hyperlinks no ek yn 'e griene balke links set.
In side mei al syn hyperlinks kin al foar opladen prebearre wurde troch yn Verkenner op syn namme te dbelklikken.





















Nei boppen

YNHALD

It Programma

Aksinten

Opmaak

Hyperlinks

HTML-koade

JavaScript

Ljochtkrante

Koade plakke

Frames

Werom nei: frysk.htm

HTML-koade

Klik op HTML.. yn menu Beeld. Dan ferskynt de HTML-koade fan de side dy't Jo krekt makke hawwe. Dr stiet hiel wat bekends yn, mar ek nochal wat koade. Eartiids moasten wy dat allegearre sels sa yntikje, mar no set FrontPage Express dat der foar s by.
Dochs is it wolris maklik om wat yn dy HTML-koade te feroarjen. Sa stiet aardich boppe-oan title. As Jo dr by it opslaan fan 'e side neat foar ynfolle hawwe, dan nimt it programma automatysk de earste wurden fan'e skermtekst of oars in earder brkte titel. Yn earste ynstnsje lkt men jin dr neat fan oan, mar it is wol de tekst dy't by de ntfanger nder op'e explorer-balke komt te stean en noch folle slimmer: nei oanmelding by in sykmesine komt er fet boppe de fermelding te stean! Drom is it sa maklik om dat yn HTML weergeven en bewerken ienfldich te feroarjen ta in moaie en pakkende titel. Klik dan op OK en klear is it! Mear hjiroer: HTML op het net - Welkom
It plakken fan koade kin spitigernch net yn FrontPage Express, mar dr haw ik wat op fn. Sjoch plakke.htm
Yn Internet Explorer kin koade besjoen wurde mei Beeld/ Bron.
In side fan in oar kin opslein wurde yn Internet Explorer mei Bestand/ Opslaan als... Webpagina, volledig. Start FrontPage Express en iepenje de side mei Openen. No kin moai besjoen wurde hoe't alles wurket.

Dit wiene myn nderfinings yn grutte halen. Ien mei erfaring sil it grif better kinne, mar dy sjocht de swierrichheden fan 'e begjinner net mear. Yn pleats fan .htm kin ek .html typt wurde, mar ik mien dat it yn FrontPage Express sa handiger giet. PK

Foarbyld fan in side mei fraach en antwurd.

Wolle Jo net dat sykmesines (Google) Jo side lze, sette dan boppe yn'e HTML-koade (tusken <head> en </head>): <meta name="robots" content="noindex">
Wolle Jo net dat de sykmesines de deryn oanjne links folgje, set der dan:
<meta name="robots" content="nofollow">
Wolle Jo beide net, dan wurdt it:
<meta name="robots" content="noindex, nofollow">