Midsieuske demokrasy
P. Kramer.
Side ophelle M/D/J:
De stśdzje fan it ūntstean en de ūndergong fan 'e midsieuske demokrasy yn'e Fryske gebieten kin wichtige ynformaasje opleverje yn ferbān mei it funksjonearjen fan 'e demokrasy yn 'e moderne wrāld.
YNHALD

Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklśzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thśsside


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklśzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thśsside


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklśzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thśsside


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklśzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thśsside


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklśzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thśsside


Befolkings-
tichtens

Hannel

Demokrasy

Konklśzje

Noaten

Nei boppen

Frysk.htm

Thśsside

Befolkingstichtens
Fryslān moat yn 'e iere midsieuwen in relatyf hege befolkingstichtens hān hawwe. Slicher van Bath1 berekkent śt it tal terpen en it tal huzen op elke terp, kombinearre mei de opjeften fan it goedsregister fan Fulda, dat Westergoa om 900 hinne in tichtens fan sa'n 20 ynwenners de km2 hān hawwe moat. Yn West-Europa waard it dźryn allinne oertroffen troch it Seinegebiet by Parys, de omkriten fan St. Omaars en tinklik it Rynlān by Keulen en it Maasgebiet bij Maastricht, Luik en Hoei.

Sokke befolkingstichtheden wiene yn dy tiid fierste grut om fan de betreffende grūnoerflakken ite te kinnen. Dźrom moast nōt ynfierd wurde, dźr't śt lettere tiid ek berjochten oer binne. Dźr falt śt te konkludearjen, dat der in oansjenlike wolfeart hearske hawwe moat, dy't boud wie op in sterk ūntwikkele feetylt en in dźrop oanslutende hannel, dy't mūglik wie troch de geunstige lizzing oan it wetter. Oan 'e kust koe him dźrtroch in jild-ekonomy hanthavenje, wylst yn it binnenlān in guod-ekonomy ūntstie. Om dy reden wie der oan 'e kust ek gjin fiedingsboaiem foar it ūntstean fan in feodaal stelsel. Safier globaal Slicher van Bath.

Hannel
Ut skriftlike meldingen fan tiidgenoaten en archeologyske ūndersikings bout Lebecq2 in byld op fan dy midsieuske hannel. It docht bliken dat de Friezen de grutste hannelers fan 'e Noardsee wiene en dat hja wichtige ferbinings hiene nei de Eastsee en it Kanaal (sj. kaart).

Hja hannelen yn hūden, pelzen, metalen en wol, mar ek yn wyn, side en speserijen. Har wichtichste hannelswaar wiene lykwols slaven. Dy hannel docht ek bliken śt in grut tal muntfynsten en sels kaam in eigen muntsoarte ta ūntjouwing, de lytse sulveren sceatta. Op gāns plakken moatte Fryske hannelskoloanjes west hawwe.

Nei sawat it jier 900 waard de hannel oer see minder troch de ynfallen fan de Noarmannen. Ynstee dźrfan kaam de Fryske hannel no yn it binnenlān ta ūntjouwing, benammen oer de Ryn en de Elbe en oer de grutte lānrūtes. Earst troch de opkomst fan de Hānze rekke it kustgebiet syn oerwicht kwyt.

Sceatta's (neffens Lebecq I, 44).


Demokrasy
Troch it ūntbrekken fan it feodale stelsel ūntwikkele him oan 'e sśdkust fan 'e Noardsee in stelsel fan min of mear demokratyske republykjes, dy 't in grutte samling rjochtshānskriften neilitten hawwe. Ta de meast opfallende dźrfan hearre de rjochtshānskriften fan Brokmerlān3 by Aurich.

It Brokmerlān wie oarspronklik een sompige krite, dy 't sūnt sawat 1200 yn kultuer brocht waard troch kolonisten śt de der ticht by lizzende Iemsgoa. De kolonisaasje ferrūn foarspoedich, wat te sjen is oan it feit dat der foar 1250 al seis tsjerken boud wiene. Om dat jier hinne moat der in ferdrach mei de Iemsgoaėrs sletten wźze, wat sa te sjen liedt ta selsstannigens fan Brokmerlān. Inkelde tsientallen jierren letter moat dan it earste wetboek ūntstien wźze - it Brokmerbrief, dat de grūnslach fan de bewarre bleaune hānskriften foarmet.

It Brokmerbrief falt op troch syn frijmoedige demokratyske toan. Ferskate kearen wurdt in wet ynlaat mei "And thet wellath brocmen" (en dat wolle de Brokmannen- de ynwenners). Ferhelderjend is ek it ferbod op it bouwen fan boargen yn $159, dat keare moat dat lykas yn 'e buorgewesten de macht grypt wurdt troch "haadlingen" mei as gefolch dat ferwoastigjende feten śtfochten wurde. Om dyselde reden mei in "redjeva" (haadrjochter) net langer as ien jier yn syn ambt bliuwe. Dat oan 'e ein letter noch sterkere bepalings yn dy geast tafoege binne, jout oan dat de feten aloan yn krźft tanimme. Uteinlik sil dizze benei ideale demokrasy dźr ek oan ūndergean. Sa wurdt de Brokmer haadling Ocko tom Broke ien fan 'e earsten dy 't ek macht oer buorgewesten kriget.

Konklśzje
It opkommen fan it haadlinge-stelsel betsjutte de ein fan 'e Fryske demokrasyen: oarlochfieren ferfong ūnderhanneljen as middel fan belangebehertiging. It is fan grut belang om te begripen wźr 't dat haadlinge-stelsel troch ūntstie en de langere hanthavening fan 'e demokrasy yn Brokmerlān kin śs dźr wat leare.

De kolonisten sille oer it algemien earme stakkerts west hawwe: minsken sūnder besit, soannen dźr 't op 'e ālderlike pleats gjin plak mear foar wie. Yn dy omstannichheden berźste wolfeart benammen op wurk en sa hie elk yn prinsipe likefolle kānsen en sille de ūnderlinge wolfeartsferskillen yn it begjin net sa grut west hawwe. Neitiid sille lykwols handigens en slūchslimmens mear in rol begūn wźze te spyljen en sille guon it ta gruttere rykdom brocht hawwe. Gruttere rykdom freget om beskerming en dźrmei is de haadling berne.

De frage is no, hoe 't dan dochs de demokrasy yn de folle rikere buorgewesten ūntstien is. It andert moat wźze, dat dy rykdom oarspronklik net op 'e lānbou berźste, mar op 'e hannel. In boer hat syn rykdom op it lān en is dźrmei oerlevere oan 'e gritsen fan in buorman mei in legerke, dy 't him sa twinge kin ta it beteljen fan belesting. De hanneler dźrfoaroer is folle fleksibeler; syn konneksjes binne syn kaptaal en hy kin him betreklik maklik earne oars fźstigje en is dźrom foar de haadling folle ūngrypberder. Dźrom kin krekt yn in op hannel basearre maatskippij demokrasy ūntstean en florearje.

Mar der spilet noch wat oars. De Fryske demokratyen stiene oanienwei bleat oan 'e druk fan būtenlānske hearskers, dy 't fūnen dat sa'n folk sūnder hear eins net koe en dat hja it dźr better sels te kedizen hawwe koene4. Op allerhanne wizen besochten se te ynterveniearjen en dat slagge better neigeraden de kusthannel yn wichtigens ōfnaam en dźrmei de kustgebieten har relative rykdom ferlearen. Hja stipen dan wer dizze partij en dan wer dy, wat late ta ferswakking fan 'e demokrasy en yn 1498 ta totaal yninoar fallen derfan yn it kearngebiet, de tsjintwurdige provinsje Fryslān. Dźr folget śt dat demokrasy it bźste florearje kin yn in relatyf ryk lān.

In śtsūndering biedt Sealterlān. Dy stienearme krite wie tige slim te berikken en dźrom leanne it foar de grutmachten net om dźr wat te heljen. As gefolch dźrfan koe it lytse lantsje syn demokratyske rjochtspraak bewarje oant 1811. Tredde konklśzje: demokrasy kin bestean bliuwe yn lannen dźr 't neat te heljen is.

NB. Dat de boppe oanhelle feiten yn 'e Nederlānske skiedskriuwing sa'n bytsje oandacht fūn hawwe, komt nei alle gedachten om't se sa sterk oan'e namme fan 'e Friezen ferbūn binne, al moatte wy dan ūnder Friezen faaks dochs wol wat oars ferstean as hjoeddedei. Mar miskien leveren se dźrtroch net foldwaande Nederlānske nasjonale eare op om foar de skiedskriuwers ynteressant te wźzen en faaks waard de kennis derfan sels wol as gefaarlik sjoen. Objektyf beskōge is dy midsieuske hannel lykwols de regelrjochte foargonger fan 'e hannel fan 'e "Gouden Ieu", dy't Nederlān letter ta it machtichste lān fan 'e ierde makke.

NOATEN
1. B.H. Slicher van Bath, Middeleeuwse welvaart in: J.J. Kalma e.o. śtj., Geschiedenis van Friesland, Ljouwert 1973: 201-228.
2. Stéphane
Lebecq, Marchands et navigateurs frisons du Haut Moyen Age, Lille: Presses Universitaires de Lille, 1983. ISBN 90-6171-791-4. Ek yn it Frysk: Fryske keaplju en seefarders fan de iere midsieuwen. Fryske Akademy, Ljouwert 1994 (twa dielen).
3. Die Brokmer Rechtshandschriften, uitgegeven door W.J. Buma, 's-Gravenhage 1949. (Benammen brūkt siden 16*-20* en 54*-56* fan 'e ynlieding).
4. Oebele Vries, Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid, Leeuwarden 1986.

Werom nei Frysk.htm