Sinusitis by dragers fan it Cystic Fibrosis gen. English

Cystic Fibrosis (CF) is in deadlike kwaal dy't erflik beskaat is.
"Sawat 1 fan'e 20* minsken is drager fan it CF gen en as twa dragers ālden fan in bern wurde, dan is der in kāns fan 1 op 4 dat de lytse berne wurdt mei Cystic Fibrosis."
www.internet-ireland.ie/horizon/cfireland/cfmain.htm
*Dat binne Ierske gegevens; yn de westerske wrāld yn it gehiel is it 1 fan'e 30.

Oant no ta waard benammen acht slein op'e sykte sels, dy't slim genōch is.
It docht lykwols bliken dat dragers fan it it gen ek medyske gefolgen derfan ūnderfine.
"De gelearden foarsizze dat it risiko om groanyske sinusitis to krijen sawat dūbel sa grut is as Jo in drager binne fan it CF-gen."
www.sinuspharmacy.com/news_cf.html

Dźrom haw ik dizze side makke om sa de belangen fan 'e dragers fan it CF-gen te bondeljen en mūglikheid te jaan ta it śtwikseljen fan ūnderfinings.



Mūglike ūnderwerpen:
- Hat de sinusitis yn dit gefal spesjale eigenskippen? (sjoch it
artikel hjirūnder).
-
Metoaden om sinuitis yn dit spesjale gefal te bestriden.
- In beskaat soarte
gebouwen dat dizze sinuitis-oanfallen oan 'e gong liket te bringen.








Sike gebouwen
Guon gebouwen lykje oanfallen te feroarsaakjen. 24 oeren nei't men der west hat wurdt men ūngemurken wei wurch yn it hiele lichem en men kriget pineholle en fol gefoel yn'e foarholle.

Dit kin foarkommen wurde troch in minśt of fiif in rśt iepen te setten sadree't men der komt (of freegje fantefoaren oft in finster iepen mei).

It ferskynsel liket minder faak foar te kommen boppe yn gebouwen (iepene souders en sa), dat it liket om in swier gas te gean (formaldehyde?). "Gewoane" minsken hawwe der gjin lźst fan.


LC 28-1-03













Klacht: Swiere pine holle en faak in gefoel fan grutte wurgens.
Wurdt der neat oan in oanfal dien dan kin dy trochgean en op en doer koarts feroarsaakje.

In ienfāldich middel is it spielen fan de noasholten mei skjin lij wetter (in fysiologyske sāltoplossing helpt net!). Dit helpt meastentiids binnen de fiif minuten!

As it tige djip sit is it noch better om sa'n 10 minuten mei it gesicht boppe in skaal mei hjit dampend wetter sitten te gean mei in doek oer de holle. Brūk dźr gjin Menthol by; dat taast op 'en doer it rūkfermogen oan!

Rieplachtsje Jo dokter foar't Jo dit tapasse!