FTP

In alternative en folle flottere metoade om Jo siden op te laden is FTP.

It FTP-program WS-FTP kin fergees ophelle wurde op Download Evaluations. (Foar Area Code haw
ik de trije earste nūmers fan myn postkoade ynfolle). In Nederlānsktalige śtliz stiet op Uitleg WS-FTP.

Likegoed hie ik der noch muoite mei. It giet om it skermke Eigenschappen voor Session dat ferskynt by opstarten of nei klikken op connect. Op dat skermke moatte Jo op New klikke en dan by Profile Name de begjin-namme fan Jo stee yntype, dus b.g. Geocities. Folje dan by Host Name/Address it FTP-adres yn, b.g. ftp.geocities.com (fūn ik op side FTP Upload/Download fan Geocities sels; net alle oanbieders hawwe FTP-mūglikheid), by User ID de ein-namme fan Jo stee (foar my ekfrysk) en by Password Jo wachtwurd.
Dan klikke Jo op OK en it saakje moat rinne. Mei moaie pyptoantsjes wurdt oanjūn oft der kontakt is en dan kinne Jo yn Local System de bestannen kieze dy't Jo oplade wolle. It opladen bart dan troch yn'e midden op it pylkje nei rjochts te klikken en as dat klear is, komt der wer in oare toan.
In folgjende kear moat yn Eigenschappen voor Session fansels net wer op New klikt wurde, mar stiet de goede namme (by my Geocities) al by Profile Name en kin de boel troch klikken fan OK samar start wurde. Stiet de goede namme der eventueel net, dan krije Jo troch klikken op it pylkje in hiele list, dźr't de goededan ś
t selektearre wurde moat. Fierders hoecht dan neat mear ynfolle te wurden, wat in stik makliker is as by Geocities en al dy oaren. Dat ik soe net oars mear wolle!

Werom nei Bou Jo eigen stee.